Boekhandel Douwes Den Haag

Nei it Mystearje

Diel 27 fan 'In Fryske Odyssee'

Willem Tjerkstra

Nei it Mystearje

Nei it Mystearje

Diel 27 fan 'In Fryske Odyssee'

Nei it Mystearje

 

Nei it Mystearje is it sânentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan.


Op werkdagen voor 23.00 uur besteld meestal de volgende dag in huis.

€ 22,95


Beschrijving Nei it Mystearje

Nei it Mystearje is it sânentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.

Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gid-sen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen, Swart Gat en Nei it Mystearje wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2003.

Mei it Mystearje, dêr is In Fryske Odyssee mei begûn. Nei it Mystearje, dêr einiget de searje mei. Yn dit lêste boek komme de triedden dy’t troch de hiele rige rinne, byinoar. De auteur is mei it mystearje foar eagen nei it mystearje gongen. Dêrmei hat er oan it fersyk fan Bouke Blomhof foldien. De fraach is oft er it mystearje fan it libben ek ûntdekt hat. Hy is yn elk gefal ta ûntdekking kommen dat de minske libbet tusken de skimmels ûnder syn fuotstappen en de stjerren boppe syn eachopslach. De namme fan it lêste boek hie likegoed wêze kinnen
Tusken Skimmels en Stjerren. Dêrtusken giet alles troch, ek nei it mystearje oan de ein fan In Fryske Odyssee.


ISBN
9789464628197
Pagina's
366
Verschenen
NUR
300
Druk
1
Uitvoering
Paperback / softback
Taal
Nederlands
Uitgever
Aspekt B.V., Uitgeverij

Literaire fictie